Twa sinnen oer in Dútske televyzjesearje mei Oberinspektor Derrick yn 'e haadrol: ‘Herbert
Reinecker war für die Drehbücher sämtlicher 281 Episoden verantwortlich,’ en ‘All
281 60-minute episodes were written by veteran screenwriter Herbert Reinecker.’
Ek al kenne jo amper of gjin Dútsk of Ingelsk, jo lêze daliks bekende wurden
dy't lykje op wurden dy't wy yn it Frysk ek hawwe. Yn de earste sin steane
bygelyks für (foar) en verantwortlich (ferantwurdlik) en yn de
twadde all (alle) en by (by, betsjut hjir: troch). Dy wurden litte sjen dat it
Frysk, Dútsk en Ingelsk besibbe binne en in mienskiplike Germaanske oarsprong
hawwe. Earder stienen de talen tichter byinoar, mar yn 'e rin fan de tiid binne
se wat sinsbou, útspraak en betsjutting fan de wurden oangiet gâns útinoar
groeid.
Dútsk en Nederlânsk lykje ek wol wat opinoar, dêrom sizze guon minsken
(foaral Dútsers) dat it Nederlânsk in dialekt fan it Dútsk is, mar dat moat wy
mar ‘mit einem Körnchen Salz’ nimme. De beide talen binne wol famylje, mar
hawwe elk dúdlik in eigen, aparte histoaryske ûntjouwing hân. It Ingelsk en it
Frysk binne ek op dy wize besibbe en hawwe elk ek in aparte histoaryske
ûntjouwing hân. De oerienkomsten tusken Frysk en Ingelsk kinne noch fûn wurde
yn wurden as tsjerke - church ,of tsiis - cheese. Yn beide
wurdpearen is de oarspronklike k oan
it begjin feroare yn in ts(j)-lûd,
wylst yn it Nederlânsk kerk, kaas en Dútsk Kirche, Käse de k noch wol stiet.
It Ingelsk en Frysk hienen earder folle mear oerienkomsten as no. It
moderne Ingelsk hat bygelyks foar pols
(as oergong tusken ûnderearm en hân) it wurd wrist. Yn it Aldfrysk bestie wrist
ek, bygelyks yn hondwrist en fôtwrist, dat hjir ‘gewricht’ (hân-,
foetgewricht) betsjut. It Aldfrysk koe ek it tiidwurd bera foar ‘drage’ en ‘berne wurde’. Yn it Ingelsk komt noch foar to bear, dat ‘drage’ en ‘bern krije’
betsjut, likernôch itselde dus as yn it Aldfrysk. It Nederlânsk hat noch it besibbe wurd baren (‘in bern op 'e wrâld bringe’). Yn ús Frysk is dat bernje, dêr’t it wurd bern fan ôflaat is, dat yn it Aldingelsk
as bearn (no yn it Ingelsk: child) foarkaam en noch yn it Skotsk as bairn bestiet. Ek it Ingelske wurdsje with (mei), bestie yn it Aldfrysk as with (fan wither, Nijfrysk wjer-,
Nederlânsk weder) mei doetiids as
betsjutting û.o. ‘tsjin, tsjinoer’. Oare Aldfryske wurden dy’t yn ús Frysk net
mear foarkomme, mar noch wol yn it moderne Ingelsk binne sella (to sell,
ferkeapje), wrîta (to write, skriuwe), wita (witness, tsjûge), lêva (to leave, efterlitte, neilitte), klenzia (to clean,
himmelje), lok (lock,
slot).
Yn de Dútske en Ingelske begjinsin stie it wurd episode. Dat wurd komt ek yn it Frysk foar, mar episode is net oarspronklik in
Germaansk, mar in Frânsk wurd. Dat sit wer hiel oars as bgl. mei wrîta of bera. Efter sokke taalhistoaryske oerienkomsten en ferskillen sit
noch in hiel ferhaal dat in soad neispeuring en ûndersyk freget, wat grif wol
281 spannende ‘episoden’ of ôfleveringen fan dizze rubryk opsmite sil.
Is it wurd bern ôflaat fan bernje? Ik haw altiten it gefoel hân dat it oarsom wie. Earst moat mei it mulwurd de n derby kommen wêze (bera - bern) en dêrnei it efterheaksel -je om der in tiidwurd fan te meitsjen. Mar nochris, it is myn gefoel; hoe't it histoarysk gongen is, wit ik net.
BeantwoordenVerwijderenEd Knotter