zaterdag 25 mei 2013

Bôle, brea, smoar en bûter



It pinksterfeest wie oarspronklik it feest dêr’t it bêste fan ’e earste fruchten as jefte oan God brocht waard. Dat wienen de earste fruchten fan de druve- en olivebeam en fan it nôt. Fan de oliven waard oalje makke en fan it nôt waard bôle bakt. Bôle waard eartiids iten yn kombinaasje mei oare gerjochten. It wie doe net it luftige produkt dat wy hjoed-de-dei ite. It wie wol riisd, mar dan mei help fan soerdaai. Wy keapje almeast in snijde bôle, mar de âffaars brutsen it brea of snienen der in hompe ôf. Yn de Bibel fine wy dat brekken werom yn Hannelingen 2, dêr stiet dat de leauwigen alle dagen it brea brutsen ta betinking fan it offer fan Jezus. Brea of bôle waard dipt yn (olive)oalje en it wie wat it Nederlânsk sa moai seit ‘toespijs’ by fisk of bret fleis.



Yn Europa waard bôle of brea fanâlds mei bûter, smoar of rizel iten. Smoar is in algemien wurd foar fet en rizel is foaral it fet fan ’e baarch. Bûter is in fetprodukt dat fan rjemme makke wurdt. Hjoed-de-dei is bûter foaral te keap as roomboter. Yn it Frysk wurdt dat net oerset as rjemmebûter, mar as boerebûter. Oant let yn de njoggentjinde ieu waard bûter op ’e pleats makke, dêrnei foaral yn it bûterfabryk. Dat waard dan fabryksbûter neamd en bûter fan de pleats wie boerebûter. De folkstaal hat it oer bûter as it giet om bôlebesmarren; om it te ûnderskieden fan keunstbûter (margarine, halvarine of ‘dieet-light’) wurdt ek wol boerebûter sein.

‘It giet de froulju as de tsiis: hoe âlder hoe skerper.’

In oar suvelprodukt dat yn kombinaasje mei brea of bôle iten wurdt, is tsiis. Earder iet men mear in stik, hompe of timpe tsiis by de bôle. Yn ús tiid wurdt tsiis meast yn lapkes (gjin plakjes!) snien en op de bôle lein. Tsiis wurdt wol beneamd neffens de tiid fan rypjen: belegere tsiis is tsiis dy’t al wat hurder is, farske tsiis is jonge tsiis. Alde tsiis smakket skerper en dat brocht yndertiid Joast Halbertsma der ta dizze opmerking te meitsjen: ‘It giet de froulju as de tsiis: hoe âlder hoe skerper.’

Der bestiet ek swietmolkentsiis, dat is tsiis fan farske, net-pasteurisearre molke. Yn it Nederlânsk wurdt dat rauwmelkse kaas neamd (bgl. de eardere Kollumer tsiis fan Frico). Tsiis wurdt ek wol bewurke troch it te ranen en der sâltferbinings oan ta te foegjen. It produkt dat dan ûntstiet, wurdt smartsiis neamd. Nageltsjetsiis is tsiis mei krûdnagels (net krûdneils!) dertroch. Der is ek tsiis dêr’t komynsied troch sit, dy hjit yn it Frysk kominetsiis, mar ek wol krûdsjetsiis.


Smoar en tsiis op bôle komme byinoar yn de Fryske en Nederlânske nammen foar  it produkt ‘mealde apenuten’. Yn it Fryske nútsjesmoar (in nijfoarming) is it fette fan apenuten moai yn it twadde lid smoar útdrukt. Dat mist yn pindakaas, dat gjin tsiis is en dêrom is apenutetsiis gjin goede oersetting yn it Frysk, wat ommers de taal fan de provinsje fan bôle, brea, smoar en bûter is.
(Publisearre yn Friesch Dagblad 25-5-2013)

zaterdag 27 april 2013

De Fryske soan sûnder kroan op ’e troan



Beatrix’ soan klimt sûnder kroan op de Nederlânske troan. Trije wurden dy’t rymje en te meitsjen hawwe mei in bysûnder barren: de troanwiksel fan tiisdei 30 april. De Nederlânske foarst wurdt net kroane, mar de kroan bestiet likegoed wol yn Nederlân. It wurdboek seit fan kroan: ‘krânsfoarmich, metalen sieraad op ’e holle, as teken fan foarstlike weardichheid.’ En fan de troan seit it wurdboek dat it de staasjesit foar in foarst is, en ek de keninklike hearskippij fan in foarst. De wurden troan en kroan binne út it Latyn wei yn it Frysk opnommen. De oarspronklike Latynske foarmen binne thronus en corona en it Latyn hat se liend fan it Gryks. De foarm thronus hat geandewei syn -us útgong ferlern en de foarm corona is troch reduksje syn earste o en lêste a kwytrekke. De beide wurden binne yn it Frysk al hiel âld: yn it Aldfrysk bestienen se as trôn en krône (beide útsprutsen mei lange oo). Yn de santjinde ieu komt yn it Frysk noch de foarm krone mei e-útgong foar en tsjintwurdich noch yn in namme as Ferd Crone. It lange ienlûd oo is yn de lettere ieuwen feroare yn it twalûd oa.
Soan liket wat lûding oangiet op kroan en troan, en men soe tinke kinne dat soan dan ek in wurd út it Latyn is, en hûnderten jierren lyn dêrútwei yn it Frysk telâne kommen is, mar dat is net sa. Soan is in eigen Frysk wurd út it âlde Germaansk, dat ek yn it Ingelsk (son), Dútsk (Sohn) en Nederlânsk (zoon) foarkomt.
Yn it Aldfrysk wie sunu (útsprutsen as soenoe) it wurd foar soan en ek yn oare âlde taalfoarmen as it Aldingelsk, Aldsaksyks en Aldheechdútsk wie it sunu. It noch âldere Goatysk hat sunus. Yn de rin fan de midsieuwen komme yn dy talen ek foarmen mei in o-lûd op. It Middelnederlânsk hat sone en ek it Aldfrysk hat yn de fyftjinde ieu al de foarm sôn (sprek út as soon). It Etymologisch Woordenboek van het Nederlands fan 2009 jout oan dat ús Nijfryske soan oan it Nederlânsk ûntliend is. Mar is dat wol sa? It komt yn de taalskiednis fan it Frysk wol mear foar dat in u foar in n feroaret yn in o. Soks is ek bard by foarmen as tunge-tonge en hunger-honger en it kin dêrom ek by sunu en sôn it gefal wêze. De feroaring fan sunu, fia sôn nei soan kin dus ek likegoed in eigen Fryske ûntjouwing wêze. By de de feroaring fan it u-lûd fan sunu kaam it net allinnich foar dat it in lange o waard, mar ek wol in e, ee, i en aa. Ut it Aldfrysk binne ús ek foarmen as senne, sen, seen, sin, sinne en sane foar soan oerlevere.
Kroan en troan binne oarspronklik Gryks en Latyn en soan is nei alle gedachten Frysk, ek al is elk it dêr net oer iens. Mar Beatrix har soan stamt ôf fan de Fryske Nassaus. Dý soan is dus wol Frysk!
[ek publisearre yn Friesch Dagblad 27-4-2013]

zaterdag 30 maart 2013

Each, êch, eech foar de dialekten



It is dit jier 80 jier lyn dat de ‘Friesche Dialectgeographie’ ferskynde, in boek oer de dialekten fan it Frysk yn ús Fryslân. Jan Jelles Hof (De Gaastmar, 1872-1958) beskriuwt dêryn de ferskillen tusken de dialekten fan it Frysk: de taal yn it noarden, suden, westen en easten fan ús provinsje. Dit boek út 1933 is nei al dy jierren noch altyd in ‘fundgrube’ foar taalkundigen en taalleafhawwers. Hof wie skipperssoan en hie yn syn jeugd hiel wat dialektferskil opheind doe't er mei heit op 'e skûte troch hiel Fryslân fear. Dy dialektkennis wreide er letter noch út troch fjildûndersyk: hy besocht tusken 1915 en 1933 systematysk de measte Fryske doarpen en befrege yn elk plak de minsken oer harren taal. Sa krige er in goed oersjoch oer wêr't de Friezen wat sizze.

It is de fertsjinste fan Hof dat er dy ferskillen oant op it detail yn kaart brocht hat. Dat ‘yn kaart’ is letterlik, want yn it boek steane 68 kaarten fan Fryslân dy't de dialektferskillen werjouwe. De measte Friezen hawwe wol in idee fan de ferskillen tusken it Wâldfrysk, Klaaifrysk en Súdhoekster Frysk. It is bekend dat se yn 'e Wâlden ‘heit’ sizze en op 'e Klaai ‘hoit’ of ‘hait’. En it is ek gjin nijs dat se yn de Súdhoeke ‘skunnen’ en net ‘skuon’ sizze. Hof hat fan bergen fan soksoarte ferskillen de krekte grins oanjûn: yn dit plak sizze se it sá en yn dat plak sizze se it sá. In foarbyld dêrfan is it gebrûk fan de foarmen ‘baarne’ en ‘brâne’. Hof beskriuwt dat yn it noarden ‘baarne’, en yn it suden ‘brâne’ sein wurdt. Yn in krite dy't fan west nei oast rint (fan Koarnwert, by Boalsert en Ljouwert lâns, nei Feanwâlden en Bûtenpost) wurde beide foarmen trochinoar brûkt. Hof merkt by dizze kaart op dat de skieding tusken it baarne- en brâne-gebiet net skerp is. De foarm ‘brâne’ ferskoot út it suden wei hieltyd mear nei it noarden. In oare kaart giet oer de foarm ‘each’, dy't yn it noardwesten fan Fryslân as ‘each’ útsprutsen wurdt, yn it noardeasten as ‘êch’ en yn it easten en suden as ‘eech’.


 


















It boek fan Hof is noch altyd fan betsjutting foar de Fryske taalstúdzje  en de wearde kin net yn in  pear sinnen beskreaun wurde. Hof syn detaillearre 'foto' fan it dialektferskaat fan it Frysk makket dat de taalkundige fan 2013 goed ûndersyk dwaan kin nei de taalferoaringen yn it tiidrek 1933-2013. Wat dy taalkundige dan fynt is bygelyks dat it dialektysk ferskaat yn Fryslân stadichoan ferdwynt en dat de grinzen ferskowe. Sa is hjoed-de-dei waar te nimmen dat de al neamde foarm ‘brâne’ sa fier nei it noarden opskood is, dat er no yn hiel Fryslân de gewoane foarm wurden is. Sûnder Hof hienen wy dêr folle minder each, eech of êch foar hân.


zaterdag 2 maart 2013

Is in woekerpolis in bloedsûgersakkoart?

In jier ferlyn wisten jo net wat in project X-feest wie en fan sosjale media (‘social media’) hiene jo amper heard. Nije wurden dus, dy't ynienen opgong meitsje yn in taal, dy't soms nei ferrin fan tiid ek yn it wurdboek komme, mar ek samar wer ferdwine kinne, omdat se by in bepaalde tiid hearre. Fiif jier ferlyn wisten jo en ik ek amper wat in woekerpolis wie. Sa’n woekerpolis is in ‘poalis fan in spar- of belizzingsfersekering dêr't in grut part fan de preemje by brûkt wurdt om kosten te beteljen en dy't dêrom in leech of negatyf rendemint hat’. It wurd is yndertiid betocht troch de redaksje fan it televyzjeprogramma Tros Radar. Yn dat programma kamen se wakker op foar de minsken dy't sa'n poalis ôfsletten hienen en it skip yngien wienen.
No is woekerpolis in Nederlânsk wurd en dêrom kaam it foar yn in wedstriid dy't ein ferline jier útskreaun waard troch de Ried fan de Fryske Beweging. Dy wedstriid bestie derút dat foar woekerpolis, tuigdorp, papadag en noch in rychje oare wurden Fryske oersettings betocht wurde moasten. Goed 60 minsken stjoerden wurden op en de sjuery fûn bringbrommer foar ‘bezorgbromfiets’ de gaadlikste fynst. Oare moaie wurden wiene skjinpraatkultuer (‘sorrycultuur’), heitydei (‘papadag’) en pronkprotter (‘aandachtsjunk’). Foar woekerpolis waarden gâns oersettings betocht: belizzingsfersekering, besoademiterfersekering, bloedsûchpoalis, bloedsûgersakkoart, bloedsûgerspoalis, ferliespoalis, fuortsmeltfersekering, jildpineferdûbeler, klau-ynpoalis, kostefretter, plôkpoalis, poepebelizzing poepefersekering, pongluzersfersekering, pongluzerspoalis rûpelpoalis, skobberspoalis, sneujildpoalis, túchweardepapier, útklaaipapier, útklaaipoalis, útstrûppoalis, útsûchpoalis, waaks-en-dijpoalis, woekerpoalis, wrot-en-wraamoerienkomst, wyldgroeipoalis.
It binne prachtige fynsten, mar net altyd brûkber. Polis yn woekerpolis betsjut ‘kontrakt tusken in fersekeringsmaatskippij en in fersekere persoan’. Dy betsjutting is net werom te finen yn bygelyks akkoart fan bloedsûgersakkoart, yn ferdûbeler dat yn jildpineferdûbeler stiet, en net yn weardepapier út túchweardepapier. It wurd woeker betsjut ‘te hege, ûnwettige, ûnridlike winst of rinte’, en dat moat ek werom te finen wêze yn de oersetting fan woekerpolis. Yn ferlies fan ferliespoalis, yn poepe fan poepebelizzing en yn wyldgroei fan wyldgroeipoalis mist dat.
Foar woeker- keazen de ynstjoerders ek wol bloedsûgers-, klau-yn-, plôk-, en rûpel-. Dy wurden binne aardich synonym mei woeker yn woekerpolis, want it giet hieltyd om it freegjen fan mear  jild as dat rjochtmjittich is. It ferskynsel woeker is al net posityf, en de neamde foarmen hawwe suver noch in ekstra ûngeunstige lading. By de synonimen bloedsûgerspoalis, klau-ynpoalis, plôkpoalis en rûpelpoalis wurdt it ferkearde fan woekerjen sa noch folle ferkearder!

By dy ynstjoerings siet in wjergader dy't de lading ek dekt: woekerpoalis. It is neat net slim dat it in streekrjochte oersetting fan it Nederlânske woekerpolis is. De wurden woeker, woekerje en poalis hawwe ommers al lang in plakje yn ús Fryske taalhûs krigen en dêrom kin woekerpoalis ek gewoan yn it Frysk bestean. Al is it fansels foar alle minsken dy't yndertiid sa'n ding ôfsletten hawwe wol te hoopjen dat  woekerpoalis sa gau as mooglik wer út de taal ferdwynt.

zaterdag 2 februari 2013

Is de ‘e’ stom?


Yn de sin ‘In Mullumer mukkes nukt lustich in luftige truffel tusken de rustige rusters’ komt in kear as wat it letterteken e foar dat útsprutsen wurdt as in swak u-eftich lûd sûnder klam (‘klemtoon’). Yn it gewoane spraakgebrûk wurdt dy letter in stomme e neamd, mar dat is gjin goede oantsjutting. In ‘stomme’ letter wurdt net útsprutsen, lykas bygelyks de h fan hjir. Oare foarbylden binne de l yn kâld en de r yn gers of bern. Dêrfoaroer wurdt de e yn mukkes wol útsprutsen. Dy letter e is in skriuwteken foar in klank dy’t yn de taalkunde ‘sjwa’ neamd wurd. De sjwa is in ûnbeklamme, toanleaze klank. Hy liket wat de útspraak oangiet wol wat op de u yn mukkes en nukt.
Dy swakke, toanleaze klank wurdt net allinnich mei it teken e skreaun, mar ek wol mei in i of in u. Sa wurdt yn ‘Mullumer’ de twadde u dúdlik swak en ûnbeklamme útsprutsen, krekt as de u yn iensume en bûchsume. Ek de i yn luftige, aaklike, bangich en achttjin is in sjwa. Yn lytse wurdsjes as it, in, jin is de i ek it teken foar dat swakke, ûnbeklamme lûd. Yn it Nederlânsk wurdt de ij yn moeilijk en kerkelijk ek as sa’n swakke e útsprutsen.
Yn wurden as miskien, fabryk, muzyk, karwei en majoar falt de klam op it twadde lid fan it wurd. Omdat de klam op -skien, -yk, -wei en -joar falt, ferswakket it folle lûd (de i, a en de u) yn it ûnbeklamme wurdlid en wurde de wurden útsprutsen as meskien, febryk, mesyk, kerwei en mejoar. Meastal skriuwe wy it folle lûd, mar soms wurdt de reduksje fan fol nei swak lûd ek yn de stavering trochfierd: ‘de femylje fan kletsmejoars hat it kerwei meskien moarn kempleet.’
Yn it Frysk geane in hiel soad haadwurden (‘zelfstandige naamwoorden’) op in sjwa út: planke, flesse, bonke, bûse, file, minske, matte, kanne, koarde, skoalle. Yn it Aldfrysk hienen in oantal fan dy wurden noch in -a as útgong. Sa wiene ús Nijfryske wurden mûle, mage en Peaske yn it Aldfrysk mula, maga en Paska. Yn dy gefallen is ek it folle lûd -a redusearre ta in swakke -e. En soms is yn it Frysk dy -e hielendal ferdwûn. Wurden as maach, koard en plank komme yn it moderne Frysk al foar. Dat de -e dêr weifalt, komt mooglik troch Nederlânske ynfloed. De neamde wurden hawwe ommers yn dy taal de einichste -e ek net (mear): plank, school, maag.

Der is noch wol mear te sizzen oer dit swak útsprutsen lûd. It wurdt ynlaske as oergongsletter yn wurden as aaklik (akelik) en baarch (útsprutsen as ‘barech’). It komt efter âld, as bûgingsútgong yn: ien âld hûs, twa âlde huzen. It ferskynt as tuskenletter tusken pyk en fel of swan en blom yn  gearstallings as pikefel en swanneblom. Dit swakke, ûnbeklamme lûdsje is sa wichtich yn de taal, dat it perfoarst net stom is.
(Ferskynd yn Friesch Dagblad 2-2-2013)

zaterdag 5 januari 2013

Kening Winter



De lêste moanne fan it jier, desimber, wurdt de wintermoanne neamd, mar de earste beide moannen fan it jier binne gauris kâlder as de lêste moanne. It wurd ‘winter’ wurdt assosjearre mei kjeld, gjin wûnder dat yn de wurdboeken krekt dat skaaimerk yn de betsjuttingsomskriuwing werom te finen is. Sa seit it Frysk Hânwurdboek oer winter: ‘fjirde tiid fan it jier, fan 21 desimber oant 21 maart, de kâldste tiid fan it jier’. Oare wurdboeken jouwe dêr noch by dat it de meast tsjustere tiid fan it jier is.
De winter as bringer fan kâld en ûnlijich waar hat wol yndruk makke, wat bliken docht út nammen dy't oan de winter jûn binne. Ut ûntsach neame de minsken him Kening Winter, in kening dêr't men jin mar ûnder del te jaan hat. Oare nammen binne Jûkelburd en Rûchburd, soms ek yn kombinaasje mei kening: Kening Rûchburd, Kening Jûkelburd. De namme Tsjalf (Thialf) wurdt ek wol yn ferbân brocht mei Kening Winter, mar dat doocht net, want Tsjalf is de feint fan de Germaanske tongergod Donar (Thor) en gjin kening en wintergod.

Yn de sin ‘wy hawwe yn fjouwer jier gjin winter hân’ liket it as kin de winter oerslein wurde en soe it jier ek út allinnich maitiid, simmer en hjerst bestean kinne. Dat is astronomysk net mooglik: de syklus fan de ierde om de sinne soarget needsaaklik foar in seizoen dat it yn it noarden kâld en tsjuster is. Yn de neamde sin hat winter in oare betsjutting, nammentlik ‘rite mei froastich waar’. Yn dat gefal duorret de winter ek gjin trije moanne, mar meast mar in pear wike en dan is it wer foarby. Yn de betsjutting, ‘kâlde tiid fan it jier’, kin winter ek net as ferlytsingswurd ‘winterke’ bestean. By winter as ‘froastige rite’ kin dat wol: ‘wy hienen dizze winter in pear winterkes’. Winter kin ek noch in synonym (oar wurd) wêze foar froast, yn in sin as: de winter hat der oer west. Soks wurdt ûnder oaren sein fan boerekoal en sprútkoal, dy't earst lekker, brosser, wurde as se beferzen west hawwe (neffens in sitaat út it Wurdboek fan de Fryske Taal).
De foarm ‘winter’ is in echte âlde Germaanske foarm. Yn âldere taalfazen bestie it as winter (Aldfrysk) en wintar, wintra, went(e)re (Middel- en Ald-Nederlânsk). Yn hiel wat talen út de Germaanske taalfamylje komt it foar: winter (Dútsk, Ingelsk, Nederlânsk), vinter (Deensk, Noarsk, Sweedsk), vetur (Iislânsk). Sels de keunsttaal Esperanto hat it Germaanske wurd winter liend yn de foarm fan vintro. Yn it Goatysk (in East-Germaanske taal fan sa'n 1500-2000 jier ferlyn) wie it wintrus.

Is de winter fan 2012-2013  in sniewinter of in iiswinter? Wurdt it in iepen of skjinne winter, in strange of in kwakkelige winter? Sit der winter yn 'e loft, krije wy winter? Op koarte termyn kinne Piet Paulusma en Gerrit Hiemstra ús dêr oer ynformearje, foar de lange termyn hingje wy ôf fan de grillen fan Kening Winter, Rûchburd en  Jûkelburd sels.
(Publisearre yn Friesch Dagblad, 5-1-2013)